kantoorboek
0

Afuk

DE BJUSTERBAARLIKE BARON

13,50incl BTW
  • Vertrouwd sinds 1927

  • Persoonlijke aandacht en advies

  • Vanaf 17,50 gratis verzenden NL & BE

  • Meer dan 150.000 artikelen online

Omschrijving DE BJUSTERBAARLIKE BARON

Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Munchhausen en dat is net de earste de beste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen.
En dat naait derut! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy''t skippen opite en utsunderlike hynders. It wiene dan ek bysundere reizen en dit is dan ek in bysunder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen.

Om foar te lezen of sels te lezen, dizze aventoeren wolst net misse! Foar bern fan 6-10 jier.

Jurjen Faber (1973) skreau foar dit boek de moaiste ferhalen fan de baron op yn it Frysk. Hy hat mei syn maat Paul van Dijk in foarstelling oer deselde baron makke. Yn syn frije tiid mei hy graach leze, skriuwe en muzyk meitsje. Yn de boekekast op de basisskoalle stie in boek oer in baron, fol mei nuvere ferhalen dy''t net wier weze koenen. De tekeningen yn dat boek hat er noait ferjitten.

Paul van Dijk (1981) makke de yllustraasjes foar dit boek. Hy is fierder warber as skriuwer, dichter en muzikant. Mei syn maat Jurjen Faber makke er de teaterfoarstelling ''de Bjusterbaarlike Baron''. Doe''t er in jonkje fan njoggen wie hat er fan ''e biblioteek fan Warkum in skoft hieltyd itselde boek liend. Dat boek hjitte: ''De wonderbaarlijke avonturen van de Baron von Munchhausen.''

Specificaties

  • Merk
    Afuk
  • Groep
    FICT KIND/JEUGD ALG (280)
  • Categorieën
    Friese boeken
  • Barcode
    9789493159907
  • Leverstatus
    Actief

Reviews

0.0/5.0

Gemiddelde uit  0 reviews

Nog geen reviews geschreven