kantoorboek
0

PLOEG, DURK VAN DER

DE JACHT

22,50incl BTW
  • Vertrouwd sinds 1927

  • Persoonlijke aandacht en advies

  • Vanaf 17,50 gratis verzenden NL & BE

  • Meer dan 150.000 artikelen online

Omschrijving DE JACHT

Dizze roman spilet foar it grutste part yn Ealsum, in doarp efter Dokkum. Former Bloemkamp komt werom nei syn bertedoarp as breafisker, jager en mollefanger. By de Ealsumers leit er der al gau ut, om''t er eigensinnige wegen giet. Syn tsjinspiler is
Lutsen Idsardi, in idealist, mar tagelyk in labyl figuer, dy''t maatskiplik runom mislearret. In slepend konflikt tusken Former en Lutsen einiget op befrijingsdei 1945 yn in drama.
De roman De Jacht ferskynde foar it earst yn 1988 en wie doe al d
e sande roman fan Van der Ploeg. Mei it boek berikte er in breed lezerspublyk. It is de earste fan de fjouwer romans dy''t yn de oarloch yn de Dongeradielen spylje. De oare trije ferskynden as De oarloch fan Durk van der Ploeg yn 2011 yn ien ban by d
e Friese Pers Boekerij. Dizze tredde printing fan De Jacht is in werutjefte fan de earste.


Yn it beskriuwen fan it lanskip en it skreppen, wrotten en bealgjen fan de lytse man is Van der Ploeg in master, ek wat syn taalgebruk oanbelange
t.
Dick Eisma yn de Leeuwarder Courant

Yn dizze roman is in sterke understream fan universele dramatyk oanwezich. De Jacht soe as utgongspunt tsjinje kinne foar in Fryske spylfilm.
Eppie Dam yn Frysk en Frij

It ferhaal fan
Former, Hinke en Lutsen draacht it hiele boek op natuerlike wize en haldt de gong deryn oant op de leste side.
Sybren Sybrandy yn Trotwaer


Durk van der Ploeg waard yn 1930 berne yn Hoogkarspel (NH). As jonkje fan trije jier kaam er
mei syn alden nei Ealsum. Hy folge in oplieding ta typograaf en waard letter opmaakredakteur by de Leeuwarder Courant. Durk van der Ploeg is ien fan de produktyfste Fryske skriuwers, meast proaza, mar ek poezij. Yn 2011 krige er de Gysbert Japicxpri
is foar al syn literer proaza.


Leesfragment

Specificaties

  • Merk
    TDE
  • Groep
    LITERAIRE FICTIE ALG(300)
  • Categorieën
    Friese boeken
  • Barcode
    9789089541888
  • Leverstatus
    Actief

Reviews

0.0/5.0

Gemiddelde uit  0 reviews

Nog geen reviews geschreven