kantoorboek
0

BREUKER, PHILIPPUS

DREAUN FAN IERDE' DREAM

35,00incl BTW
  • Vertrouwd sinds 1927

  • Persoonlijke aandacht en advies

  • Vanaf 17,50 gratis verzenden NL & BE

  • Meer dan 150.000 artikelen online

Omschrijving DREAUN FAN IERDE' DREAM

It libben fan Obe Postma hat ryk west. Hy hold him yntinsyf dwaande mei sokke ferskillende dingen as de wis- en natuerwittenskippen, de filosofy en de psychology, de dichtkeunst, de skiednis en it underwiis.
Syn wittenskiplik wurk is ynbede yn yn
ternasjonale ferbannen. Syn dichtwurk jout sicht op ynfloedrike poezy. Hy hat syn besibbens mei de grutte tinkers en dichters fan syn tiid herkend, har lezen en ferarbeide, en mear as ien en twa wraldferneamde Nederlanske gelearden hat er persoanlik
kend. Yn de poezy hawwe Rilke, Emily Dickinson en de klassike Sineeske dichters him tige nei lein.
Tsjinstellingen wiene der ek. Hy hong oan it libben, woe lokkich weze en diel utmeitsje fan in ienheid, mar wie folslein in man op himsels. By alle
geleardheid is de gruntoan fan syn bestean mankelikens en syn libben is tekene troch unrest en begearen.
It wie in dreaun man. Hy moast wurkje, hy koe net oars. Oan de ein fan syn libben sei er: ''Mar ik haw dien wat ik moast'' en der bedoelde e
r mei dat er it unmooglike neistribbe hie.
Hy hat it grutte neistribbe. Miskien wie it ek wol in grut man. Hy wurdt ommers net allinnich under fakgenoaten respektearre, mar as dichter hat er ek trouwe leafhawwers yn grutter runten. Hy krige de be
ide heechste Fryske provinsjale prizen op it gebiet fan literatuer en wittenskip, in unikum yn de skiednis oant hjoeddedei ta. Yn de Fryske kultuer nimt er in bliuwend plak yn. Hy sil noch lang ynspiraasje en herkenning jaan.

Ph. H. Breuker
wie heechlearaar yn Leien en Amsterdam en hat him jierrenlang dwaande holden mei de studzje nei libben en wurk fan Obe Postma, ek yn syn tiid oan de Fryske Akademy.

Specificaties

  • Merk
    WIJDEMEER LOUW DIJKSTRA
  • Groep
    KUNST ALGEMEEN (640)
  • Barcode
    9789492052506
  • Leverstatus
    Actief

Reviews

0.0/5.0

Gemiddelde uit  0 reviews

Nog geen reviews geschreven