kantoorboek
0

HARDY, THOMAS

FIER FAN ALLE DROKTE

32,50incl BTW
  • Vertrouwd sinds 1927

  • Persoonlijke aandacht en advies

  • Vanaf 17,50 gratis verzenden NL & BE

  • Meer dan 150.000 artikelen online

Omschrijving FIER FAN ALLE DROKTE

Far from the madding crowd (1874) is it fjirde boek fan Thomas Hardy en it earste dat echt sukses hie. It boek spilet op it plattelan yn it sudwesten fan Ingelan, mei fiktive plak- en streeknammen. It is yn sekere sin in ''boereroman'', mar dan wol h
eel oars as de Fryske boereromans fan foarhinne. It is ek in leafdesferhaal, dat, oars as yn bijgelyks in letter boek fan him dat ik yn it Frysk fertaald haw, Tess fan de D''Urbervilles, ''goed'' ofrint - mar dan binne der earst toch wol in pear skok
kende dingen gebeurd. Wat nettsjinsteande dat toch opfalt is de luchtige humor, dy''t yn syn lettere, inktswarte boeken untbrekt.
De haadpersoanen binne Bathsheba Everdene en Gabriel Oak. Bathsheba wurdt daalk oan it begjin al foarsteld as in he
el kreaze, mar tefolle mei harsels ynnommen jonge frou. De evenredige jonge skieppeboer Gabriel, dy''t har as earste as frou ha wol, wurdt ofwiisd. Neidat hij letter al syn skiep troch in ungelok kwyt rakke en fallyt gongen is, en Bathsheba de pleats
fan har omke urven hat, treffe se inoar wer, mar dan yn de relaasje fan feint en bazinne. As Bathsheba yn in healwize opstiging in Falentynskaart oan har wat aldere buorman stjoert, de frijfeint Boldwood, bringt se sunder it te bedoelen in proses op
gong dat rare gefolgen krijt. Bathsheba, de ritige en wat oerflakkige bewunderaarster fan in man syn butenkant, trout uteinlik mei de kreaze en sjarmante, mar leechhollige sersjant Troy. Foardat Bathsheba en Gabriel elkoar lang om let ''krije'', geb
eure der op dat kalme plattelan nuvere dingen.
Bathsheba, yn sekere sin de feroarsaakster derfan, no einlings wat wiis wurden, en slim mei de sitewaasje ferlegen, kin dan net oars as om sels yn in prachtige en yn subtile taal beskreaune sene Gab
riel te freegjen om har man te wurden. Sa is de sirkel fan dit boek run.
Far from the madding crowd is ut in rigel yn in ferneamd gedicht fan Thomas Gray ut 1751, dat de rest en evenredigens fan it plattelan beskriuwt; mar dy rest en evenredigen
s binne yn dit boek mar skyn. Dy titel is derom frij iroanys. It boek, dat ferskillende kearen moai ferfilme is, hat yn it Frysk de titel krigen Fier fan alle drokte. It is in beskriuwing, seit Hardy sels, fan in Ingelse plattelanskultuer dy''t yn sy
n tiid al hurd oan it ferdwinen wie.


Leesfragment

Specificaties

  • Merk
    ELIKSER B.V. UITGEVERIJ
  • Groep
    LITERAIRE FICTIE ALG(300)
  • Barcode
    9789463650724
  • Leverstatus
    Actief

Reviews

0.0/5.0

Gemiddelde uit  0 reviews

Nog geen reviews geschreven