kantoorboek
0

STERNE, LAURENCE

IT LIBBEN EN DE OPFETTINGEN FAN DE HEAR TRISTRAM SHANDY

34,95incl BTW
  • Vertrouwd sinds 1927

  • Persoonlijke aandacht en advies

  • Vanaf 17,50 gratis verzenden NL & BE

  • Meer dan 150.000 artikelen online

Omschrijving IT LIBBEN EN DE OPFETTINGEN FAN DE HEAR TRISTRAM SHANDY

The Life and Opinions of Tristram Shandy, Gentleman, koartwei Tristram Shandy, fan Laurence Sterne (1713-1768), ferskynde yn njoggen frij koarte delen, twa yn 1759 en de rest ferspraat oer de san folgjende jierren. It boek is neffens de namme in biog
rafy fan Tristram Shandy, mar is yn werklikheid ien opienfolging fan sydpaden, omballingen en oare healwizichheden, dy''t it boek ta miskien wol de aldernuverste roman yn de wraldliteratuer meitsje. Der is wol ris oer opmurken dat it in post-moderne
roman is - en dat yn de jierren ''60 fan de 18de iuw!
De grap is dus dat it ferhaal fan it libben fan de held net rjuchtut-rjuchtoan ferteld wurdt - troch al dy sydpaden en omballingen foar en nei wurdt de geboarte fan de held pas yn deel III be
skreaun.
Elk underwerp jout oanlieding ta in sydpaad en alle soarten fan fierdere omballingen: sa beteart it bij it oansetten fan it bern Tristram daalk al net helendal goed, omdat op it beslissend momint de takomstige mem freget oft de heit de
klok wol opwun hie; we leze letter in hele katalogus fan beledigingen en wiidweidige ferflokkingen; de ynfloed fan nammen op persoanen wurdt us ut de doeken teard, lykas ek wat de foarm fan in noas us seit oer de besitter derfan; de froedfroupraktyk
komt oan de oarder; ek de oarlochs- en belegeringskunde dy''t syn omke Toby sa folslein yn de besnijing krije (wylst dy omke sels wol de meast sachtmoedige en aardichste fan alle romanfigueren is); de filosofy; de besnijenis per ungelok troch in tich
tklappend kezyn as Tristram syn bernefaam him nei buten pisje lit; en de ferkearde nammejouwing, ek per ungelok; de frijerij fan omke Toby om de widdo Wadman, dy''t har offreget oft omke Toby wol in man utmeitsje kin, want se wol earst witte wer''t d
y no krekt yn de ljisk ferwune is (yn de buert fan Namen, bij de belegering derfan, seit omke Toby - sij bedoelt wer no krekt yn de ljisk); en it neispyljen fan belegeringen fan forten yn it achtertuntsje fan omke Toby mei syn korporaal Trim. En noch
folle mear.

Laurence Sterne wie in Anglikaanse dominy yn it noarden fan Ingelan, en o sa belezen - en it tsjinoerstelde fan inkeld in earnstich man. Omdat er oan tbc lijde is er net ald wurden.
Shandy is in noardlik dialektwurd en bets
jut soks as ''pitertuerlik'' of ''healwiis''.



Leesfragment

Specificaties

  • Merk
    ONBEKEND \ MERKLOOS
  • Groep
    LITERAIRE FICTIE ALG(300)
  • Categorieën
    Friese boeken
  • Barcode
    9789463654043
  • Leverstatus
    Actief

Reviews

0.0/5.0

Gemiddelde uit  0 reviews

Nog geen reviews geschreven