kantoorboek
0

WESTRA, LIUWE H.

PIONIER FOAR IT FRYSK

49,50incl BTW
  • Vertrouwd sinds 1927

  • Persoonlijke aandacht en advies

  • Vanaf 17,50 gratis verzenden NL & BE

  • Meer dan 150.000 artikelen online

Omschrijving PIONIER FOAR IT FRYSK

Tony Feitsma (1928-2009) kaam yn Brantgum te wrald en waard grut op in pleats yn de Wieringermar. Fan hus ut krige hja ambysje en pioniersgeast mei, mar ek in hechte ban mei de taal fan it heitelan. Sy waard yn 1976 de earste froulike heechlearaar Fr
ysk. Foar har foelen wittenskip en Fryske beweging gear mei it ynnimmen fan har plak as minske yn ''e mienskip.

Wa wie Tony Feitsma en hoe hat se har utsprutsen mienings en wittenskiplike kwaliteiten yn in manljuswrald befochten? It hat yn a
lle gefallen net om ''e nocht west. Mear as 25 jier lang hat se studinten ynspirearre. De FNP hat se yn 1962 reden foar in iere dea. Mei eigen jild rjochte se in funs op dat noch altiten stipe jout oan Frysktalige aktiviteiten.

Yn dizze biog
rafy beskriuwt Liuwe H. Westra har libben yn de mienskip fan famylje, skoalle en universiteit, fan frisistyk en Fryske beweging. Hy besiket in antwurd te jaan op de fraach hoe''t Tony Feitsma sa''n fuleindich strider foar it Frysk wurde koe. Mar ek:
werom wie se altiten sa ferskriklike kritysk? Werom koene jo it fuort net goed genoch dwaan yn har eagen?

Liuwe Westra hat hast tuzen doazen persoanlik argyf trochsneupt en hy hat praten mei in mannichte minsken dy''t Tony Feitsma goed kend
hawwe. It risseltaat is in yngeand byld fan in markante en striidbere frou.

Sjoch hjir foar in resinsje: https://neerlandistiek.nl/2022/09/strijden-voor-een-boerentaal/

''(...) Pionier foar it Frysk is een boek om in een adem uit te
lezen. De biograaf Westra heeft de onderste steen bovengebracht om een beeld te scheppen van een dwarse, eigenzinnige, zeer geleerde, idealistische vrouw.'' - Marc van Oostendorp

Specificaties

  • Merk
    Afûk
  • Groep
    GESCHIEDENIS ALG (680)
  • Categorieën
    Friese boeken
  • Barcode
    9789493159938
  • Leverstatus
    Actief

Reviews

0.0/5.0

Gemiddelde uit  0 reviews

Nog geen reviews geschreven