kantoorboek
0

MULDER, TINY

TIN IIS

22,50incl BTW
  • Vertrouwd sinds 1927

  • Persoonlijke aandacht en advies

  • Vanaf 17,50 gratis verzenden NL & BE

  • Meer dan 150.000 artikelen online

Omschrijving TIN IIS

De roman Tin iis is ien fan de meast wurdearre boeken ut de Fryske literatuer. Haadpersoan is Klaske Jagersma, 14 jier yn 1942. Har alder suske Dineke sit yn it ferset en sels wurdt sy der starichwei ek yn behelle. It ferhaal giet ek oer de wederwaar
dichheden fan de famylje Jagersma dy''t it hus iepenstelt foar underdukers dy''t der koarter of langer tahalde, om te begjinnen it joadske famke Anneke. Yn har biografy Foar alles is in tiid ut 2006 seit de skriuwster dat se har lilk makke om it feit
dat nei 1945 de rol fan de frou yn de oarloch underbeljochte bleaun wie. Tin iis wie ek bedoeld om der wat yn te feroarjen. De earste printinge ferskynde yn 1981, de fyfde yn 2005. Tiny Mulder makke sels in oersetting yn it Hollansk, Gevaarlijk ijs.



In roman dy''t de jongerein fan dizze tiid, dy''t de besetting net trochmakke hat, oansprekke sil. Der kin har wat dat oanbelanget net gau in better boek yn hannen jun wurde, omdat it sa autentyk is.
Piter Terpstra yn it Frysk Deib
led



Tiny Mulder (1921-2010) kaam op har trettjinde yn Drachten te wenjen. Yn de oarloch rekke se yn it ferset behelle as koerierster. Nei de oarloch waard se sjoernalist en literer kritikus by it Friesch Dagblad. Se waardwurdearre
om har selsstannich en kritysk oardiel. Tiny Mulder skreau gedichten, berneboeken, ferhalen en twa romans. Yn 1986 krige se de Gysbert Japicxpriis.


Leesfragment

Specificaties

  • Merk
    TDE
  • Groep
    FICT KIND/JEUGD ALG (280)
  • Categorieën
    Friese boeken
  • Barcode
    9789089546876
  • Leverstatus
    Actief

Reviews

0.0/5.0

Gemiddelde uit  0 reviews

Nog geen reviews geschreven