kantoorboek
0

TALSMA, HILDA

WYNTRILOGY

24,50incl BTW
  • Vertrouwd sinds 1927

  • Persoonlijke aandacht en advies

  • Vanaf 17,50 gratis verzenden NL & BE

  • Meer dan 150.000 artikelen online

Omschrijving WYNTRILOGY

Yn dizze trilogy binne trije skutskjeromans fan Hilda Talsma bondele. Yn diel 1, Wyn fan feroaring, treft de jonge husdokter Johanna Kamstra har neef Ate en har alden foar it earst nei jierren wer. Dat is it gefolch fan it testamint fan omke Hannes,
dy''t harren allinnich syn foarstlike erfenis neilit as se mei elkoar syn skutsjekasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dermei by de earste trije eindigje. Johanna har mem Connie en dy har suster Bonnie, koartwei de Onnie''s neamd, binne fan it
begjin of oan smaakmakkers yn dit boek mei har flotte Ljouwerter taal en prachtige utspraken.

Yn diel 2, Wyn fan de wierheid, sylt de famylje Kamstra foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spa
nningen. As se op ''e falreep sunder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna tsjinst dwaan as sintraal punt. Se moatte roeie mei de riemen dy''t se hawwe om de holle boppe wetter te halden ... yn mear as ien opsicht.

Yn di
el 3 Wyn fan de winners sil de famylje Kamstra besykje om wer yn ''e grutte A-klasse te kommen, mar Ate hat der klauwen oan om alles yn goede banen te lieden en Johanna hat oare prioriteiten. De nije bemanningsleden ut Frisum soargje, tegearre mei de
Onnie''s, foar de nedige konsternaasje en sadwaande wurdt it wer in wike fol ferrassingen.
Dizze hearlike boeken fol spanning, aventoer, humor en romantyk, nimme de lezer mei yn ''e wrald fan de skutsjesilerij en de simmer yn Fryslan.

H
ilda Talsma (1971) is in flotte skriuwster dy''t har spoaren al mear as fertsjinne hat yn de Fryske literatuer. Se begun mei trije romans oer it doarpke Frisum. Dernei skreau se it boek Brekber, oer it bysundere hynstefamke Sinne. In pear jier letter
ferskynden de skutsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid & Wyn fan de winners. Yn De Onnie''s en it hynstebal komme personaazjes ut al dizze romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen under it bed en yn 2021 skreau se it
boekewikegeskink Lockdownleafde. Yn har boeken stiet de minsk en de leafde yn al syn foarmen sintraal.

Leesfragment

Specificaties

  • Merk
    ONBEKEND \ MERKLOOS
  • Groep
    POPULAIRE FICTIE ALG(340)
  • Categorieën
    Friese boeken
  • Barcode
    9789463653565
  • Leverstatus
    Actief

Reviews

0.0/5.0

Gemiddelde uit  0 reviews

Nog geen reviews geschreven